De Skimmelruter

De Skimmelruter
algemiene gegevens
oarspr. titel Der Schimmelreiter
auteur Theodor Storm
taal Dútsk
foarm novelle
sjenre histoaryske novelle
1e publikaasje 1888, Berlyn
oarspr. útjwr. Gebrüder Paetel Verlag
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Skimmelrider
publikaasje 1928, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Eisma
oersetter Michiel Sjouke Elings Visser

De Skimmelruter of De Skimmelrider, yn it oarspronklike Dútsk: Der Schimmelreiter, is in histoaryske novelle en it magnum opus fan 'e Dútske skriuwer, dichter en abbekaat Theodor Storm (1817-1888). It ferhellet oer in dykgraaf yn Noard-Fryslân, en it ûnbegryp en de tsjinwurking dêr't dy mei meitsjen kriget as er syn nijmoadrige ideeën oangeande dykbehear en dikebouwen yn 'e praktyk bringe wol. Der Schimmelreiter, dat foar it earst publisearre waard yn 1888, wie it lêste wurk dat Storm foltôge, yn it jier fan syn ferstjerren. It is ek syn meast lêzen boek, en wurdt rûnom beskôge as in masterwurk. It is twaris yn it Frysk oerset, yn 1927 en 1990.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search